Twa kandidaat-foarsitters CDA

© Omrop Fryslân
Twa vutters geane de striid oan foar it foarsitterskip fan it Fryske CDA. It giet om de 62-jierrige Pé Miedema fan Blauhûs en de 60-jierrige Ate Alkema út De Wylgen. Miedema wie earder foar- sitter fan wetterskip Marne Middelsee en Alkema wie lid fan it kolleezje fan bestjoer fan de Friese Poort.
De fertrouwenskommisje wie unanym oer de beide kandidaten. De nije foarsitter moat de opfolger wurde fan Hidde Visser dy't moandei ôfskie naam.