Man ferdronken yn Frjentsjer

20 apr 2004 - 00:00

De plysje fan Frjentsjer hat moandei yn de Stedsparkfiver it lichem fan in deade man fûn. It giet om in 50- jierrige ynwenner fan Frjentsjer. De man is doe't er út it kafee kaam, yn it wetter fallen en ferdronken. De plysje docht fierder gjin ûndersyk nei de saak.

Yn Wolvegea is in 39-jierrige man oanholden om't er ferskate persoanen slein hie. Dat barde by spul oer fuotbaljende jeugd by syn hûs oan de Meulestrjitte. De man is wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)