Logopedy ek yn't Frysk beskikber

19 apr 2004 - 00:00

Alle jierren krije yn Fryslân sa'n tûzen minsken in beroerte. Sy hawwe oanslutend help nedich by harren spraakproblemen. Dy help wie oant no ta net beskikber yn it Frysk, omdat al it oefenmateriaal yn it Nederlânsk wie.

Dat probleem is no foarby, want Revalidaasje Fryslân krige moandei al it oefenmateriaal yn it Frysk. Logopedisten kinne tenei de pasjinten yn eigen taal revalidearje litten, neffens de direksje is dêr ferlet fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)