Nijman docht net mei oan WK

© Omrop Fryslân
Keatser Karel Nijman komt dizze wike net yn aksje komt op it WK yn Itaalje. Nijman is wol yn Itaalje, mar hat lêst fan in blessuere oan 'e knibbel. In MRI-scan hat koartlyn útwiisd dat Nijman in skuorke yn 'e meniskus hat. Nijman wol him foarearst net operearje litte, omdat er dan in folslein keatsseizoen misse soe.
Nijman wie yn earste ynstânsje oanwiisd foar it muorrekeatsen, dat tiisdei begjint, mar sjocht dêr no fan ôf.