Swimbad Stiens te djoer

19 apr 2004 - 00:00

De nije tariven fan it swimbad yn Stiens moatte oanpast wurde. Fêste klanten klagen oer de priis. Swimmers mei in abonnemint moatte it dûbele op jierbasis betelje. Dat kin oprinne oant in pear hûndert euro yn it jier.

De fraksje fan Gemeentebelangen stiet net achter de nije swimbadprizen. De gemeente woe de tariven omheech bringe om't it swimbad ferline jier mei goed acht euroton ferlies draaid hat. Wethâlder Jaap Keizer sil der nei sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)