Postume ûnderskieding

© Omrop Fryslân
Ruurd en Jetje de Roo krije tiisdei postúm in Yad Vashem-ûnderskieding. De twa eardere ynwenners fan Fryslân ferhuzen foar de Twadde Wrâldoarloch nei Limburch. Se fongen fan 1943 oant de ein fan de oarloch ta twa Joadske jonges út Amsterdam op. Dy ha de ûnderskieding oanfrege.
De ûnderskieding wurdt troch Israël takend oan net-joaden dy't joaden holpen de oarloch te oerlibjen. Sa'n 4600 Nederlanners ha in ûnderskieding.