Te min pleechgesinnen

13 mrt 2012 - 16:20
  • logo Jeugdsoarch Fryslân
  • Gebou Jeugdsoarch Fryslân

Jeugdsoarch Fryslân hat dit jier tsientallen pleechgesinnen te min, as de fraach sa trochgroeit as no it gefal is. Op dit stuit binne der in 600 Fryske pleechgesinnen dy't bern mei problemen foar langere of koartere tiid opfange kinne. De wachtlist is no hiel lyts.

De jeugdsoarch hat lykwols te krijen mei in groei fan 6 oant 8 persint en it finen fan nije gesinnen is net sa maklik, omdat de belêsting fan it opfangen fan problemen heech is. Fierder is der ek ekstra jild nedich fan de provinsje.

Dêrfoar sil it buro Jeugdsoarch noch ûnderhannelje, yn gearwurking mei Jeugdhulp Friesland.

Begjin dit jier wie der in wachtlist mei 26 bern, mar 17 koene al gau ferfangende soarch krije. Uteinlik is ek foar de oare njoggen in alternatyf fûn. Lanlik groeit de wachtlist yn de jeugdsoarch. Tiisdei waard bekend dat der no in lytse 3000 bern gjin soarch krije, wylst se dy wol nedich hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)