Blau Wyt ferspilet punt

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan Blau Wyt ha snein in punt ferspile tsjin Rodenburg. De Feansters spilen mei 12-12 gelyk yn in wedstriid dy't net al te bêst wie.
Blau Wyt striidt yn de oergongsklasse foar promoasje nei de haadklasse. Ek al hie de wedstriid in teloarstellend resultaat, dochs wie it net in min wykein foar de Feansters. Konkurrinten Rohda en SCO ferlearen har wedstriden tsjin leechklassearde ploegen.