Ien titel foar Fryske fanfares

18 apr 2004 - 00:00

De earste prizen op de Iepen Nederlanse Fanfare Kampioenskippen, sneon yn De Lawei yn Drachten, binne benammen nei fanfares fan bûten Fryslân gien.

By de earste divyzje wûn fanfare Eendracht fan Winterwijk de titel, by de twadde divyzje wie dat Soli Deo Gloria út Ommen en by de tredde De Bazuin fan Winsum (Grins). By de fjirde dyvyzje wie de titel foar in Fryske fanfare: Excelsior fan Skearnegoutum, ûnder lieding fan Gatse Hylkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)