Gemeente jout foar MRI-scanner

© Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel wol hast tweintichtûzen euro jaan foar de oankeap fan in nije MRI-scanner foar sikehûs Talma-Sionsberg yn Dokkum. It apparaat dat ûnder mear hert- en spierweefsel yn kaart bringe kin, moat seker fiif ton kostje.
Mominteel brûkt it sikehûs in mobile scanner, dy't mar ien kear yn de wike yn Dokkum is. Mei in eigen ien kin de lange wachtlisten oplosse. Dêrom hâldt it sikehûs yn ynsammelaksje.