Koart plysjenijs

17 apr 2004 - 00:00

By in brân yn de Skoalstrjitte yn Ljouwert is freedtejûn in part fan in boppe-etaazje útbaarnd. De brân ûntstie jûns om in oer as sân. De bewenster wie doe net thús. De skea rint yn de tûzenen euro's.

Utwike foar in pear oerstekkende reeën hat in ynwenner fan Terwispel freedtejûn syn auto koste. De man wykte op de Peelrug út foar de bisten en ried dêrby tsjin in beam. De auto fleach yn de brân. De sjauffeur rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)