Pontsje by Langwar fart wer

© Omrop Fryslân
It pontsje oer de Skarsterrein by Boarnsweach yn de gemeente Skarsterlân fart wer. Freed waard it fear offisjeel wer yn gebrûk naam. De tsjinst wie skrast om't de gemeente gjin oerien- stimming krije koe oer hoe't en troch wa't it pontsje betelle wurde moast.
Nei petearen tusken de gemeente en Pleatslik Belang Langwar is no in oplossing fûn. Restaurant De Woudfennen sil de kommende tsien jier it pontsje eksploitearje.