Ryk: 70 miljoen foar skipsbou

16 apr 2004 - 00:00

It kabinet hat freedtemiddei besletten om de skipsbou de kommende trije jier te stypjen mei 70 miljoen euro. De skipswerven ha it dreech troch de neffens harren ûnearlike konkurrinsje fan oare Europeeske lannen, dêr't skipswerven al langer subsydzje krije fan 'e oerheid.

Koartlyn protestearden inkelde tûzenen wurknimmers fan skipswerven yn Den Haach. Dat hat blykber holpen, want it ryk komt no dochs mei stipe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)