VNO-NCW lilk op provinsje

16 apr 2004 - 00:00

Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noord reagearret pikeard op it stânpunt fan Deputearre Steaten yn Fryslân oer gaswinning yn it Waad. De provinsje is dêr op tsjin. De wurkjouwers en de Keamers fan Keaphannel yn it Noarden neame it beslút symboolpolityk.

Ek neame de wurkjouwers it stânpunt in 'Pavlov-reaksje dy 't in folwoeksen en iepen diskusje frustreart'. Se geane der fanút dat Provinsjale Steaten de Fryske Deputearre steaten werom fluitet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)