LTO: 'Kij yn 'e greide'

15 apr 2004 - 00:00

Lânbou-organisaasje LTO wol dat kij dizze maityd en simmer yn de greide rinne. Hjoeddedei wurde kij hieltyd mear yn de stâl hâlden. De LTO wol dat trochbrekke, om't dat better wêze soe foar de feehâlderij yn de takomst.

Konsuminten ha in posityf gefoel by kij dy't bûten rinne. De melkfeehâlderij soe dêr op langere termyn profijt fan ha, om't minsken dan mear betelje wolle foar molke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)