Foarsitter mei de dea bedrige

© Omrop Fryslân
Foarsitter Van der Meulen fan it Frysk Hynstestamboek is mei de dea bedrige. In anonime beller sei dat er him deasjitte soe. De plysje nimt de saak heech op en hâldt Van der Meulen syn hûs en kantoar yn 'e gaten.
De beller wol dat Van der Meulen syn foarsitterskip fan it Hynstestamboek delleit. Sûnt syn oantreden wie der in soad krityk op Van der Meulen syn wize fan bestjoeren. Hy soe in te hurd manager wêze.