'Gjin heechbou oan Lemsterbaai'

15 apr 2004 - 00:00

Op 'e Lemmer is wjeraksel tsjin in hege bedriuwshal oan 'e Lemsterbaai. Silobouwer Polem wol dêr in 30 meter hege hal delsette. De aksjegroep 'Port Lemmer Nee' - earder al aktyf tsjin oare heechbou - is dêr no op tsjin.

Neffens de aksjegroep moat Polem mar nei in yndustryterrein op 'e Jouwer of It Hearrenfean as se de hichte yn wolle. De groep slút net út dat der skielk grutte aksjes komme. Op 't heden hawwe se in posteraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)