DS tsjin gasboarrings Waadsee

15 apr 2004 - 00:00

Deputearre Steaten binne tsjin nije gasboarrings yn 'e Waadsee, sa is tongersdei bekendmakke. De Steaten binne it net iens mei it Rapport-Meijer, dat de boarrings goedkart. It stânpunt fan DS is ienriedich. Neffens deputearre Bijman is it rapport-Meijer te ûndúdlik.

De deputearren lizze harren stânpunt moandei foar oan 'e Twadde Keamer. Dy beslút úteinlik oer de boarrings op it Waad. Grinslân is der ek op tsjin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)