Flyhors definityf ticht

15 apr 2004 - 00:00

It oefenterrein Flyhors fan de Lânmacht op Flylân giet tongersdei foargoed ticht. De sluting waard ferline jier septimber al oankundige. De Lânmacht sei doe dat it terrein net langer nedich wie. Flylân hat noch besocht de Lânmacht op oare tinzen te bringen.

De gemeente wie ûnder oare benaud dat it ferdwinen fan sa'n 30 wurkplakken grutte gefolgen ha soe foar it libben op it eilân. Mar it ferset wie dus fergees.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)