Protest dûmny tsjin asylbelied

© Omrop Fryslân
Dûmny Lootsma fan de Samen op Weg-tsjerke yn Camminghaburen yn Ljouwert sil him oanmelde by in fertreksintrum yn plak fan in asylsiker út syn gemeente. Dêrmei wol er demonstrearje tsjin it frjemdlingebelied fan minister Verdonk.
Neffens Lootsma is it útsetten fan asylsikers itselde as it ôffieren fan Joaden yn de oarloch. De asylsiker is in man út Niger dy't nei jierrenlang prosedearjen dochs it lân út moat.