Fertreksintrum: 600 asylsikers

© Omrop Fryslân
It nije fertreksintrum yn Dokkum krijt in kapasiteit fan 600 útprosedearre asylsikers. Dat hawwe B en W fan Dongeradiel besletten mei it COA. It sintrum bliuwt trije jier yn Dokkum en Flechtlingewurk jout begelieding.
By it fertreksintrum komme 42 minsken te wurkjen, 4 kear safolle as by it azc fan no. De gemeente ûnderhannelet noch mei it ministearje fan Ynlânske Saken oer ekstra plysjekapasiteit. De saak komt noch yn 'e gemeenteried.