Deadlik kninefirus yn Lauwersmar

15 apr 2004 - 00:00

Ynwenners fan Kollumerlan moatte harren kninen yn it Lauwersmargebiet ynintsje litte tsjin de sykte VHS. It firus hat de lêste fjouwer jier in slachtfjild oanrjochte yn it gebiet. Fan 'e tsientûzenen bisten binne mar in pear hûndert oerbleaun.

It firus is net gefaarlik foar minsken of húsdieren. Kuierders kinne it wol meinimme nei hús ta. Foar de wylde kninen is ynintsje gjin opsje, want dan moatte se allegeare fongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)