Aksje op basisskoalle Penjum

14 apr 2004 - 00:00

It rommelet opnij op de basisskoallen yn Wûnseradiel. Benammen op basisskoalle It Leech yn Penjum is de situaasje mei it personiel min. Der is ien learkrêft te min en dêrtroch moat der hieltyd hin en wer skood wurde mei minsken.

De meisizzenskipsried pikt it net langer en wol aksjefiere om it ûnderwiis yn Penjum better te meitsjen. De âlden fan de bern binne lilk op wethâlder Helder fanwege it belied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)