Bornmeer set Hettinga oan kant

14 apr 2004 - 00:00

Utjouwerij Bornmeer hat de gearwurking mei dichter Eeltsje Hettinga opsein. Dit skriuwt Hettinga op de ynternetside fan Theo van Gogh. De dichter soe takom jier mei Eppie Dam en Abe de Vries in bondel mei yn it Frysk oersette fersen fan Slauerhoff publisearje.

Neffens de útjouwerij is it kontakt ferbrutsen om't mei Hettinga op it persoanlike mêd net gear te wurkjen wie. It dichtprojekt kin yn dizze foarm net mear trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)