Friso nimt partij werom

14 apr 2004 - 00:00

Friso bernefieding nimt in partij iten foar poppen út de hannel. It giet om 'Friso 1 normaal' yn in kartonnen ferpakking fan 900 gram. Op de boppekant fan it pak stiet de koade BF4 MTB. Dat hat Friesland Coberco Dairy Foods woansdei bekendmakke.

Troch in produksjeflater sitte der yn in lyts part fan de partij te min mineralen. Konsuminten kinne it oankeapbedrach fan it bedriuw weromkrije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)