Haadagint oppakt foar oplichting

14 apr 2004 - 00:00

In haadagint (33) fan de Fryske plysje is tiisdei oanhâlden. Hy wurdt fertocht ferfalsking en oplichting. Hy soe falske of ferfalske rekkens yntsjinne ha by de syktekostefersekerer fan de plysje. De man wurket by de plysje Midden-Fryslân en is út syn amt set.

It Bureau Interne Veiligheid docht ûndersyk nei de saak. Dat bart ûnder ferantwurdlikheid fan de offisier fan justysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)