Hoekstra bêste ûndernimmer 2003

14 apr 2004 - 00:00

Hoekstra Suwâld is de bêste Fryske ûndernimmer fan 2003. Hamilton Bright yn Snits en Vriesco International Fabrics yn Ljouwert wienen de oare nominearren.

Yn totaal hienen fjirtich bedriuwen har opjûn foar de striid. Hoekstra is in technysk bedriuw dat him dwaande hâldt mei apparaten foar de feehâlderij, de lânbou en wyn- en sinne-enerzjy. By Hoekstra wurkje fjirtich meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)