Nije boargemaster Skier: Swart

© Omrop Fryslân
Wethâlder Bert Swart fan de Grinzer gemeente Winsum is foardroegen as nije boargemaster fan Skiermûntseach. Swart is 47 jier, fan it CDA en is neist wethâlder ek loko-boargemaster. Hy wennet yn Ezinge, dêr't er earder by de gemeente wurke. Hy wurket no noch dieltyd by de gemeente Haren.
Op it twadde plak stiet wethâlder en loko-boargemaster Van Bekkum fan de gemeente Berkel-en-Rodenrijs. Hy is VVD'er en 37 jier.