Nij radiostasjon foar Waadgebiet

13 apr 2004 - 00:00

Radio Waddenzee is in nij radiostasjon, spesjaal foar it Waadgebiet. De stjoerder is inkeld simmers yn de loft en is fral bedoeld foar toeristen. It stasjon bringt (ynter)nasjonaal nijs, muzyk en nijs oer eveneminten op de Waadeilannen.

De radiomakkers binne fan 1 juny ôf oant 1 oktober op 1602 AM yn de eter. De útstjoeringen út Harns wei binne ek yn parten fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân te hearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)