Bysûnder wurk Huisman feild

© Omrop Fryslân
By feilinghûs Ald-Fryslân yn Snits wurdt ein april in skilderij fan Jopie Huisman feild. It is in akwarel fan in lyts boerespul oan it wetter. Huisman makke it yn 1945 yn opdracht fan in ûnderdûker. It is ûndúdlik foar wa't er it lânskip makke en om watfoar boerespul it giet.
Huisman skildere net faak lânskippen. De wearde wurdt rûsd op sa'n 12.000 euro. It is al de fjirde kear yn koarte tiid dat wurk fan Huisman feild wurdt.