Meibetelje oan plysje-ynset

13 apr 2004 - 00:00

SC Hearrenfean wol wol meibetelje oan de ynset fan plysje by wedstriden. In betingst is dat de klub ek sizzenskip krijt oer de plysje. Dat seit foarsitter Riemer van der Velde.

Minister Remkes makke tiisdei bekend dat er fan doel is de helte fan de kosten fan de plysje-ynset by grutte eveneminten yn rekken te bringen by de organisaasjes. Nei de simmer komt de minister mei in wetsfoarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)