Postkantoar Ljouwert ticht

13 apr 2004 - 00:00

It postkantoar yn it stedskantoar yn Ljouwert wie tiisdei de hiele dei ticht. Troch in technyske steuring koenen meiwurkers de klûs net iepen krije. De steuring is ûntstien troch in flater fan in meiwurker. Mei de feestdagen moasten oare iepeningstiden ynfierd wurde yn de kompjûter.

Yn 'e klûs lizze jild en weardepapieren opslein. Minsken koenen oan de Tesselschadestrjitte telâne. Mooglik is it probleem woansdei ferholpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)