Enitor wol gau útwreidzje

13 apr 2004 - 00:00

Enitor út Bûtenpost wol útwreidzje. It bedriuw dat keunststofprofilen makket, ynvestearret tsien miljoen euro. Binnen twa moannen wol it bedriuw fan de gemeente hearre oft se útwreide meie. As dat net kin, driget Enitor te ferhúzjen nei Poalen.

Troch de útwreiding nimt it tal wurkplakken ta mei 50. In grutte oarder út Amearika soarget earder al foar tsien ekstra wurkplakken. It bedriuw hat in omset fan 25 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)