Douma wol 'it woanskip' keapje

13 apr 2004 - 00:00

Anneke Douma wol it Ljouwerter woanskip keapje. Lêsten waard bekend dat eigner Wobbe van Seijen it arkje nei de sloop bringe wol. Hy hat syn nocht fan de gemeente om't dy it woanskip gjin plak jaan wol yn de nije museumhaven.

De sjongeres wol net dat it arkje sloopt wurdt. Se wol it opknappe litte. Wêr't it woanskip nei de opknapbeurt komt te lizzen, is noch net bekend. Ek binne der noch gjin konkrete ôfspraken mei de eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)