Foar 17e kear Aaipop yn Nijlân

12 apr 2004 - 00:00

Nijlân is twadde peaskedei tradisjoneel it poadium foar Aaipop. Frysktalige bands litte op ferskate poadia hearre wat se kinne. Lykas de lêste jierren it gefal wie is ek dizze (17e) edysje mei 2000 besikers útferkocht.

De takomst hâldt de organisaasje wol dwaande. De foarskriften wurde stranger. Sa moast in garderobetinte ferdwine om de brânwacht better tagong te jaan. By de organisaasje stiet foarop dat Aaipop yn Nijlân bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)