Kameleondoarp bestiet 10 jier

© Omrop Fryslân
In grutte publykslûker twadde peaskedei wie Kameleondoarp Terherne. Fanwege it 10-jierrich bestean wie de iepening fan it seizoen bysûnder. Spesjaal foar dizze dei wiene de haadrolspilers fan de populêre Kameleonfilm delkaam om mei de fans it jubileumjier te iepenjen.
Yn 1994 begûn de toeristyske attraksje oer de avontoeren fan Hielke en Sietse mei ien lyts boatsje. Doe kamen der 7500 besikers. Ferline jier wisten goed 100 tûzen minsken Terherne te finen.