Cambuur mei lege hannen

12 apr 2004 - 00:00

Cambuur hat peaskemoandei oan in goeie wedstriid tsjin koprinner Excelsior gjin punten oerholden. De Ljouwerters kamen yn de 10de minút ferrassend op foarsprong troch in doelpunt fan Jan Bruin. Cambuur wie dy earste helte better en hie noch twa goeie kânsen.

Yn de twadde helte makke Holman foar Excelsior gelyk yn de 49e minút. Doe't Loovens dêrnei noch 2-1 makke foar Excelsior betsjutte dat foar Cambuur de genadeklap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)