Stockcarracerij yn Dokkum

12 apr 2004 - 00:00

Fanwegen te wiete grûn gie de racerij mei stockcars yn Wolsum net troch. De auto's dy't oars yn Kollum rieden, koenen peaskemoandei yn Dokkum los. Sa'n 200 koereurs ferskynden mei har Flintstonen-weinen oan de start.

Ferdield oer seis ferskate klassen skeurden de Kevers, Volvo en in inkelde Jaguar om it hurdst yn de greide om. Der wienen goed 3000 belangstellenden. Mei Keninginnedei krijt Wolsum in nije kâns mei de stockcarracerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)