Grutte hûneshow yn Ljouwert

12 apr 2004 - 00:00

Mear as 15.000 besikers kamen nei Ljouwert op peaskemoandei. Foar de 37e kear wie yn it FEC de ynternasjonale hûne-tentoanstelling. Sa'n 2300 baaskes lieten har hûn sjen. De rashûnen út hiel Europa koenen kard wurde troch in selekt selskip karmasters út binnen- en bûtenlân.

Neist demonstraasjes wienen der ek stands mei guod foar hûnen. Mei Súdlaren hat Ljouwert ien fan de gruttere iendaachse hûneshows.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)