Berber v/d Berg net nei Athene

12 apr 2004 - 00:00

De Olympyske dream is oer foar Berber van den Berg fan It Hearrenfean. De turnster die it fan it wykein goed yn de ynterlân tsjin Dútslân. Se waard twadde fan de Nederlânske famkes.

Dochs falt Berber van den Berg bûten de Nederlânske ploech foar it EK ein april. Meidwaan oan dat EK wie nedich om't dat it kwalifikaasjetoernoai foar de Olympyske Spelen is. Berber van den Berg is teloarsteld. Jierren fan yntinsive training ha foar neat west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)