Koart plysjenijs

11 apr 2004 - 00:00

In 30-jierrige man fan De Lemmer is sneon ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. De man ried mei de brommer oer de Melkweg en fleach troch ûnbekende oarsaak tsjin in beam. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.

In 20-jierrige man is sneon oanhâlden yn in kroech oan it Hofplein yn Ljouwert. De man wie agressyf en it personiel hie dêrom de plysje ynskeakele. De man is fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)