Meiwurkers GGZ yn ferset

11 apr 2004 - 00:00

Meiwurkers fan de wurk- en deibesteging yn Drachten, ûnderdiel fan GGZ-Fryslân, komme yn ferset. Kliïnten fan de GGZ dy't gebrûk meitsje fan it aktiviteitesintrum, in wurkprojekt of oare foarsjenning, sille fan 1 july ôf in eigen bydrage betelje moatte.

De hichte fan dy bydrage is ôfhinklik fan it ynkommen. Meiwurkers binne benaud dat minsken no gjin gebrûk mear meitsje sille fan de foarsjennings. 14 april is der in aksjedei yn Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)