Helder: 'Utsettingen tsjingean'

© Omrop Fryslân
Om útsettingen fan asylsikers tsjin te gean, wurde yn Wûnseradiel plannen betocht. Dat kin bygelyks mei barrikades fan minsken dy't oan inoar fêst sitte mei kettingen. Ien en oar sei wethâlder Helder fan Wûnseradiel sneon by de demonstraasje tsjin it asylbelied yn Amsterdam.
Dêr wiene tûzenen minsken dy't protestearren tsjin it útsetten fan 26.000 asylsikers. Der diene ek sawat 200 Friezen mei.