Trainer Feanse Boys op non-aktyf

10 apr 2004 - 00:00

Trainer André Onclin fan Hearrenfeanse Boys is op non-aktyf steld. It bestjoer wol sa in skokeffekt kreëarje, want de Boys sitte mei degradaasjesoargen yn de earste klasse.

Onclin siet sneon net op de bank by de degradaasjewedstriid tsjin Blau Wyt, dy't wûn waard mei 2-1. Hy is ferfongen troch de ald-spilers Loek Idema en Jan Schippers. Onclin krige 5 wedstriden foar de ein dien. Yn it nije seizoen giet hy as jeugdtrainer nei Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)