Ljouwerter yn 'e hûs oerfallen

10 apr 2004 - 00:00

In ynwenner fan Ljouwert is freed yn syn hûs oan de Friesburg yn de wyk Camminghabuorren ferwûne rekke by in stekpartij. De man waard yn syn hûs oerfallen troch in noch ûnbekende man. Dy stuts him del.

It slachtoffer is it hûs útrûn en hat minsken oan de Roptastate om help frege. Dy ha de plysje en in ambulânse belle. De plysje hat mei speurhûnen om de dieder socht, mar net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)