Syb v.d. Ploeg treedt 5 maaie op
Syb van der Ploeg stiet kommende befrijingsdei, 5 maaie, tegearre mei Tasha's World op de befrijingsfestivals yn Ljouwert en Grins. Se bringe dêr har nije single, it duet 'Find a way'.
De opbringst fan de single is foar de stifting 'Mensen in nood', dy't him ynset foar minsken dy't op de flucht binne yn eigen lân. De single komt healwei april al út.