Vesuvius makket peaskefjoer

09 apr 2004 - 00:00

Aldjiersploech Vesuvius wol dizze Peaske wer in goede namme krije. De klub kaam negatyf yn it nijs fanwege in rjochtsaak oer it weinimmen fan it byld fan Rinus Michels út Zeist. Dat kaam har op in straf ûnder betingst te stean.

De ploech hat dêrom no de organisaasje yn hannen fan it peaskefjoer en hellet dêrmei jild op foar it goede doel. Dat falt goed yn it doarp Elslo, want de bulte hat mei syn 10 meter noch nea sa heech west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)