Reparaasje Megapoolguod mooglik

© Omrop Fryslân
Klanten fan it fallite elektroanika- konsern Megapool kinne har stikkene apparatuer werombringe by twa konkurrinten. De winkels fan Modern Electronics en It's hawwe freed alle garânsje- en reparaasjeferplichtings fan Megapool oernommen.
It's hat lykwols gjin filialen yn Fryslân. Modern Electronics sit oan it Raadhuisplein yn Drachten. Megapool waard tongersdei fallyt ferklearre. De keten hat in miljoeneskuld.