Skeel Opsterlân en fuotbalklub

09 apr 2004 - 00:00

De gemeente Opsterlân en fuotbalferiening De Sweach yn Beetstersweach ha in skeel oer de renovaasje fan it treningsfjild fan de fuotbalklub. It treningsfjild wurdt opknapt mar dat bart net goed, fynt de fuotbalferiening

Sa lizze der stiennen út de sânwinput fan Nij Beets op it fjild. De seleksje fan it earste sneonsalvetal treent op it stuit sels al op in oar fjild yn Terwispel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)