Unrêst yn finzenis De Marwei

09 apr 2004 - 00:00

Detinearden yn finzenis De Marwei yn Ljouwert sille woansdei in pripaksje hâlde. Mei in saneamde sit-in-aksje wolle se omtinken freegje foar de feiligens yn de finzenis. Dat stiet yn in brief dy't de Marwei útsmokkele is.

Troch besunigings fan it ryk wurdt it tal bewakers werombrocht nei it absolute minimum. Neist de feiligens kleie de detinearden ek oer it iten en it deiprogramma. Sa soe der te min iten wêze en aanst ek minder rekreaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)